Ga naar de inhoud

Bijdrage PvdA over het vliegveld in de Raadsvergadering van 9 juni 2020

Het vliegveld van Drachten houdt de gemoederen flink bezig. Partijen die recht tegenover elkaar staan en niet een stap verder te komen. De gemeenteraad heeft gisteren besloten dat dit anders moet. Het voorstel van het college om het raadsbesluit van december 2019 niet uit te voeren omdat dit juridische consequenties kan hebben werd met 28 stemmen voor en twee tegen aangenomen. Het college gaat alle partijen om tafel zetten en komt in de loop van het jaar met een voorstel naar de raad waar de raad voor of tegen kan zijn.

De hoeveelheden informatie die we de afgelopen periode van belanghebbenden hebben ontvangen is ongeveer een halve meter hoog.

Hieronder kunt u in de bijdrage van Dinie Mulder lezen hoe wij er in staan

Foarsitter, 

Drachten hat in fleanfjild! Dat soe dochs hiele grutte kânsen jaen moatte foar in geweldiche trochûntwikkeling en dat docht it neffens de PvdA ek. Der is mar ien ding wêr’t it oan ûntbrekt en dat is in goed plan. Foar dat plan ha wy earst in goed riedsbeslút nedich en foar in goed riedsbeslút ha wy earst in goed riedsútstel nedich. Neffens ús is dat de korrekte folgoarde. 

Foarsitter, wy tôgje in leadjitterstas fol ynformaesje mei ús mei, mar faeks is dy ynformaesje ús takaem fia belanghawwenden. Sa moat it neffens ús eins net en alhiel net by in sa wichtig dossjier as dit. 

It giet hjir om grutte belangen, ek foar de ynwenners fan Smellingerlân. 

Wy geanne as PvdA altiten út fan de goede bedoelings fan minsken mar wy kinne fanselts net blyn farre op wat mooglik neat oars is as in lobby foar it eigen belang en it kin dochs net sa wêze dat fan de rie forwachte wurdt dat dy selts eins in riedsútstel skriuwt op groun fan ynformaesje dy’t wy krigen ha fan de belanghawwenden. Dochs liket it der bytiden súver op dat dat wól fan ús ferwachte wurdt. 

Mar, foarsitter, jo kinne en meie fan in riedslid net ferwachtsje dat wy spesjalist binnen op elts ûnderwerp. Om saeken goed út to sykjen is neffens de PvdA de taek fan it kolleezje, dat dêrfoar in amtlik apparaet beskikbar hat. Ik wit net hoe’t it mei myn kollega’s is, mar ik ha thús yn elts gefal gjin blikje mei amtners dat ik eefkes iepen meitsje kin. 

Yn é lêste roune tafel kaem de trias politica fan Montesquieu ek al eefkes om é hoeke sjen. It soe wol wêze kinne dat hjir foar ús allegearre in learpunt sit, nammentlik dat wy yn ús politieke bestel allegearre uze eigen rollen ha. Wy as rie binne dêrbinnen in lekenbestjoer: folksfertsjinwurdigjend, kaderstellend en kontrolearjend, mear net. It kin net sa wêze dat de rie oan bar is om in deugdlik riedsútstel to skriuwen. 

Ien ding is yn elts gefal wol dúdlik en dat is dat de rie fan Smellingerlân no al in pear kear oanjoun hat dat sy wol dat de gemeente selts de baes bliuwt oer it fleanfjild en it dus net forkeapje wol. Dochs liket it der bytiden op dat it wol dy kant útrôllet. Dat bart ús soargen, foarsitter. 

Yn it riedsútstel dat no foarleit stiet dat it fleanfjild net slúten wurdt (beslispunt 3). Dat is moai en docht ús deugd. Mar, foarsitter, wat te tinken fan beslispunt 2: ‘het college zal in de loop van dit jaar komen met een concept-kader op inhoud- en proces’ en dat it amindemint/riedsútstel fan 10 desimber 2019 net útfierd wurde sil? Wêr giet dit hinne? Foarsitter, wat is een “concept-kader op inhoud en proces”? Bitsjuttet dit ek dat hjirmei punt 2 fan it amindemint/riedsútstel komt to ferfallen? Want dan ferfalt ek de ôfspraek om it fleanfjild yn eigendom fan de gemeente te hâlden.  

Yn de brief fan it kolleezje skriuwe jo (lêste rigel) dat jo “bisykje sille safolle as mooglik temjitte to kommen oan it riedsútstel fan 10 desimber 2019”. Dat is wol in hiele rûme omskriuwing. Wat moatte wy ús dêr by foarstelle? 

Foarsitter, de miening fan de PvdA oer it fleanfjild is noait feroare. Wy wolle ús fleanfjild behâlde foar Fryslân. En dat net allinnich, wy wolle ús fleanfjild trochûntwikkelje nei in takomstbestindich, duorsum mobilyteitssintrum. Dêrby sjogge wy út nei mear wurkgelegenheid, hâlde wy eag foar biodifersiteit en wurkje wy ta nei in sirkulaire ekonomy. Dêrneist ferwachtsje wy ek dat der rjocht dien wurdt oan de hjoeddeiske gebrûkers fan it fleanfjild en dat der ynspyle wurdt op de ûntwikkelingen rûnom fleanfjild Lelystêd, lykas Deputearre Steaten fan Fryslân oanjoun hat.  

Lees ook: Nog steeds geen duidelijkheid over het vliegveld